Resultaten fan earste taksaasje mûzeskea bekend

19 mrt 2015 - 20:13

It liket derop dat sa'n 10 oant 20 boeren mei mûzeskea in berop dwaan moatte op in spesjale kredytfasiliteit om oerein te bliuwen. Dat seit deputearre Johannes Kramer op basis fan de earste taksaasjeronde fan de skea dy't útfierd is.

Der wurdt wurke oan de kredytfasiliteit, ûnder tafersjoch fan de Europeeske Uny, mar Kramer giet derfan út dat dêr ynkoarten grien ljocht foar komt.

By de earste taksaasjeronde is sa'n 22.000 bunder lân besjoen by 880 boeren. Dêrút docht bliken dat 15.000 bunder oantaast is, 7000 dêrfan earnstich.

Boeren moatte dit lân op 'e nij ynsiedzje of bysiedzje. By de twadde taksaasjeronde moat dan besjoen wurde hoe goed oft dat oanslein is en hoe grut as de skea úteinlik is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)