Brân wenhûs Drachten ûnder kontrôle

19 mrt 2015 - 17:30

Oan de Zwemmer yn Drachten is tongersdei oan de ein fan de middei brân útbrutsen yn in wenhûs. It fjoer ûntstie troch wurk yn it hûs. Dêrby rekke isolaasjemateriaal yn brân. It gie om in brân by in hoekwenning, by in 5-ûnder-1-kappe. Oan it begjin fan de jûn joech de brânwacht it sein 'brandmeester'. De skea is grut.

De brân hie him net ferspraat nei omlizzende huzen. Bewenners waarden wol evakuearre, om't der reek yn guon huzen wie.

Trefwurden: 
Drachten brân hûs flier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)