Famylje Daan Breeuwsma keapet âlde iisflier Thialf op

20 mrt 2015 - 06:00

De âlde betonnen flier fan de iishal Thialf op It Hearrenfean leit by shorttracker Daan Breeuwsma yn 'e achtertún. Doe't syn broer Karst Breeuwsma mei it CDA op kampanje wie, hearde er dat de betonplaten nei de skredder soene. Doe hat Breeuwsma frege oft hy de betonnen platen, dêr't de iisflier op lei, keapje koe.

Karst Breeuwsma woe de platen brûke op 'e pleats yn Aldeboarn. Dat wie akkoart en no lizze 500 platen by de famylje Breeuwsma op it hiem. Thialf is op 't stuit dwaande mei in grutte renovaasje.


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)