Balksters oerdondere troch AZC-plannen De Fryske Marren

Rûn healwei seizen tongersdeitemoarn krigen bewenners oan 'e Talud en Wikelerdyk yn Balk in brief fan harren gemeente De Fryske Marren. It stik lân tsjinoer harren hûs is oanwiisd as plak foar in nij asylsikerssintrum. Dêryn is dan plak foar 500 asylsikers.
Yn Balk tochten se, nei de Riis-soap, dat it AZC op De Jouwer komme soe. Dizze brief kaam dan ek as in grutte ferrassing. De reaksjes binne wikseljend. Der is begryp foar de needsaak ta opfang, mar 500 is wol in hiel soad, fine guon.