Drachtsterfeart offisjeel iepene: byld fan Peije werom

19 mrt 2015 - 15:50

It sintrum fan Drachten is fan tongersdei ôf wer oer it wetter te berikken. Tongersdeitemiddei waard de Drachtsterfeart offisjeel iepene. Yn de jierren 60 waard de feart dempt, mar yn de jierren 90 ûntstie it plan om de feart wer yn âlde steat werom te bringen om sa it toerisme in ympuls te jaan.

By de iepening is ûnder oaren it stânbyld fan Peije weromset by it Kariljon. It projekt fan de weriepening fan de Drachtsterfeart gie net maklik. Sa rûn de planning fertraging op troch juridyske prosedueres.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)