Learlingen Piter Jelles Dokkum meitsje eklipsbrillen

19 mrt 2015 - 15:20

Learlingen fan 3 havo fan it Piter Jelles yn Dokkum hawwe sels eklipsbrillen makke, fanwege de sinnefertsjustering freed. De brillen binne makke fan astrosolar safetyfoly en karton. Dêrmei kinne je feilich nei de sinne sjen, sûnder dat de eagen skea oprinne.

De havo-learlingen hawwe in hiel projekt opset oer de sinnefertsjustering fan freed. Se hawwe genôch brillen makke foar alle oare learlingen fan de skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)