Plysje set sirenes oan as aksje foar bettere CAO

De plysje yn Fryslân set freed om 11.59 in minút lang harren sirenes oan. Tongersdei makken de plysjefakbûnen bekend dat se lanlik mei in sireneprotest komme. It is in aksje tsjin 'it gebrek oan wurdearring fan it kabinet'. Neffens de plysjefakbûnen binne de nije cao-foarstellen in klap yn it gesicht fan de plysjeminsken.
Ferline wike gong it plysjepersoniel ek al oer ta aksje foar in bettere cao. Se skriuwe allinnich noch boetes út by grutte oertredings. In oare gefallen jouwe se in warskôging.