Jan Huitema keazen ta europarlemintariër fan it jier

VVD-europarlemintariër Jan Huitema fan Makkingea is útroppen ta europarlemintariër fan it jier om syn fertsjinsten foar de lânbou. Huitema makket him hurd foar in effisjint lânboubelied dat romte lit oan agraryske ûndernimmers.
Huitema sjocht de titel as erkenning foar de ynnovative lân- en túnbou yn Nederlân. Huitema is sels feehâlder. Hy kombinearret it wurk yn it Europeesk parlemint mei it wurk op de pleats.