Landlust yn Balk nije lokaasje foar AZC De Fryske Marren

19 mrt 2015 - 10:22

It stik grûn fan Landlust oan de Wikelerdyk yn Balk is yn de gemeente De Fryske Marren de meast geskikte lokaasje foar de fêstiging fan in asylsikerssintrum. Ta dy konklúzje komme boargemaster en wethâlders nei ûndersyk. Landlust wie in earder bûten. Der soenen wenningen op it terrein boud wurde, mar dat gie net troch.

De gemeente stelt it Sintraal Orgaan Opfang Asylsikers foar om op de grûn in opfang te bouwen foar 500 minsken. Dy moat dan fiif jier bestean bliuwe. Nije wike tiisdei sille de ynwenners fan Balk bypraat wurde oer it plan.

De Fryske Marren gie op syk nei in geskikte lokaasje foar in AZC, neidat der in soad wjerstân wie tsjin it plan foar de bou fan in opfang yn Riis.

De gemeenterie stipet it kolleezje by dizze nije lokaasje yn Balk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)