Minder Friezen yn de WW yn febrewaris

19 mrt 2015 - 09:51

It tal Friezen dat in WW-útkearing hat is yn febrewaris nei ûnderen gien. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. Benammen de groei fan it tal banen yn de yndustry en by de útstjoerburo's soarget foar in delgong fan it tal minsken mei in útkearing. Ek de start fan seizoenswurk hat in posityf effekt.

De delgong yn Fryslân is grutter as it lanlik gemiddelde. Dêr giet it tal minsken yn de WW mei goed in prosint nei ûnderen, yn Fryslân is dat mei goed twa prosint. Ein febrewaris moasten goed 21.000 Friezen rûnkomme fan in WW-útkearing.

Neffens it UWV jildt de delgong fan it tal minsken mei in WW-útkearing net foar de sektor soarch en wolwêzen. Wol nimt it tal minsken dat dêr troch besunigingen en feroaringen syn wurk ferliest minder hurd ta as yn jannewaris.

Trefwurden: 
wurkleas útkearing UWV WW
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)