Staazjedei foar studinten ROC Friese Poort Ljouwert

Studinten moatte faker op staazje nei it bûtenlân. Dat fynt it ROC Friese Poort yn Ljouwert. En dêrom ha se tongersdei in spesjale staazjedei. Ien fan de minsken dy't dat organisearret is Sara Peters. Se is sels studint oan de NHL en foarich jier hat se op staazje nei it bûtenlân west.
De staazjedei rjochtet him op staazjes binnen Europa. Der wurde sa'n 80 minsken ferwachte op de ynformaasjegearkomste.