Kristlike partijen en FNP dogge it goed yn Dongeradiel

Gemeente Dongeradiel
De konfesjonele partijen diene it woansdei goed by de steateferkiezings yn de gemeente Dongeradiel. It CDA is dêr mei 31% fan de stimmen fierwei de grutste partij. De FNP wûn ek en gie fan 11 nei 13,5%. De ChristenUnie gie fan 10 nei 11,8%. De PvdA ferlear bot en gie fan 16 nei 9,6%. De VVD ferlear ek en gie fan 9 nei 6,3%.
Oare partijen dy't wûnen wiene de SP, PVV, D66, Partij voor de Dieren en 50Plus.