Goeie útslach CDA yn Ferwerderadiel

Gemeente Ferwerderadiel
Grutte dielen fan benammen it Fryske plattelân binne woansdei grien kleure by de provinsjale steateferkiezings. Ferwerderadiel is gjin útsûndering: it CDA waard hjir mei 29,6% fierwei de grutste partij. De FNP is hjir mei 15,1% (in winst fan 1,1%) de twadde partij. De PvdA krige ek hjir in tik: fan 17 werom nei 10,8%.
Der wie fierder winst foar ChristenUnie, SP, PVV, D66, de Partij voor de Dieren en 50Plus. VVD en GrienLinks leveren beide wat yn, mar minder dramatysk as de Partij van de Arbeid.