CDA fierwei de grutste yn De Fryske Marren

19 mrt 2015 - 02:28

It CDA waard woansdei yn De Fryske Marren fierwei de grutste partij by de steateferkiezings. It CDA krige 24,1% fan de stimmen. Mei in pear tûzen stimmen minder is de VVD de twadde partij yn dy gemeente: 14,2%. De FNP skoart 12,6% en de PvdA 12,5%.

Oare útslaggen: SP 8,4%, PVV 8,2%, D66 7,1%, ChristenUnie 4,8%, GrienLinks 2,6%, 50Plus 2,5 % en Partij voor de Dieren 2,3%. Fergelykje mei 2011 is hjir net goed mooglik, omdat de gemeente de Fryske Marren yn it jier 2011 noch net bestie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)