CDA, CU en SP winne yn Tytsjerksteradiel

19 mrt 2015 - 01:14

CDA, ChristenUnie, SP en D66 binne de grutte winners fan de steateferkiezings yn Tytsjerksteradiel. It CDA is mei 25,5% fierwei de grutste partij. PvdA, FNP en VVD buorkje hjir alle trije achterút. De PvdA ferlear it meast: fan 20 nei 13,9%. De FNP buorke in bytsje achterút (- 0,9%) en de VVD 2,1%.

De ChristenUnie gie yn Tytsjerksteradiel fan 6 nei 8,8% en dat jildt ek foar de SP. D66 gie fan 3 nei 5,3%, 50Plus fan 1 nei 2,1% en de Partij voor de Dieren fan 0 nei 2,1%. GrienLinks gie ek yn Tytsjerksteradiel achterút: fan 6 nei 3,6%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)