CDA no grutter as PvdA yn Menameradiel

Gemeente Menameradiel
De Partij van de Arbeid is net langer de grutste partij fan de gemeente Menameradiel. Lykas yn ferskate oare gemeenten moast de partij dy posysje woansdei ôfstean oan it CDA. It CDA gie hjir fan 17 nei 20,8%, de PvdA gie fan 25 nei 18,6% en is dêrtroch no de twadde partij yn de gemeente. De FNP gie foarút fan 12 nei 14,8%, lykas de SP (fan 7 nei 10,4%). De VVD ferlear 2,1% en gie fan 12 nei 9,9%.
Oare winners yn Menameradiel wiene D66, de ChristenUnie, de Partij voor de Dieren en 50Plus. GrienLinks buorke achterút en gie fan 5 nei 3,1%.