CDA fierwei de grutste yn Súdwest-Fryslân

19 mrt 2015 - 00:26

Yn Súdwest-Fryslân, de thúsbasis fan listlûker Sander de Rouwe, is it CDA fierwei de grutste partij wurden by de provinsjale steateferkiezings. It CDA krige 27,3% fan de stimmen. Dizze útslach tsjut op winst. Hoefolle krekt is lestich oan te jaan, omdat de gemeente yn 2011 noch net bestie. De PvdA is op grutte ôfstân de twadde partij fan SWF mei 12,9% fan de stimmen, de VVD de tredde mei 11,1% en de FNP de fjirde mei 11%.

Noch in pear útslaggen fan oare partijen: SP 9,7%, PVV 8%, D66 7,2%, CU 4,6 %. De opkomst yn Súdwest-Fryslân wie 55%.

GrienLinks bleau stykjen op 2.9%, 50PLUS op 2.2%, de Partij voor de Dieren op 2,1% en Friese Koers op 0,7%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)