CDA ek grutste partij op It Bilt
It CDA is drok dwaande om yn in soad plattelânsgemeenten wer de grutste partij te wurden. Op It Bilt skoarden de kristendemoraten 25,6%, 3,6% mear as yn 2011. De PvdA, yn it ferline grut op It Bilt, buorke mear as 6% achterút en gie fan 22 nei 15,8%. De SP is no de tredde partij yn de gemeente mei 11,3 % (in winst fan 2,3%) en de FNP de fjirde mei 10,8%.
PVV, D66, ChristenUnie, Partij voor de Dieren en 50Plus buorken in bytsje foarút. VVD, GrienLinks buorken beide wat achterút.