Dramatysk ferlies PvdA yn Harns

18 mrt 2015 - 23:55

De Partij van de Arbeid is de grutte ferliezer fan de Provinsjale Steateferkiezings yn havenstêd Harns. De PvdA gie fan 25 nei 15,5% fan de stimmen. Yn plak fan de sosjaaldemokraten is no it CDA de grutste partij fan Harns mei 15,7% fan de stimmen. De SP is mei 15% de tredde partij, de VVD de fjirde mei 13,4%.

De PVV ferlear in bytsje en D66 ferdûbele fan 3 nei 6,9%. 50Plus krige de stipe fan 5,4% fan de 'ouwe seunen'. De ChristenUnie skoarde 5%, de FNP 4%, GrienLinks ek 4% en de Partij voor de Dieren ek 3,4%. De opkomst wie 50,6%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)