CDA grutste partij yn Littenseradiel

18 mrt 2015 - 23:31

It CDA is fierwei de grutste partij fan Littenseradiel. De partij krige 1297 stimmen, goed foar 25,8%, in winst fan 3,8%. De FNP is de twadde partij fan de gemeente mei 18,7% fan de stimmen, 0,3 % minder as yn 2011. Regearingspartijen PvdA en VVD buorkje beide achterút: de PvdA giet fan 20 nei 15,8%, de VVD fan 13 nei 11,8%.

Oare winners binne SP, D66, ChristenUnie, Partij voor de Dieren en 50Plus. De PVV en GrienLinks geane beide wat achterút. De opkomst yn Littenseradiel wie 60,8%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)