GrienLinks grutter as PvdA op Skylge

Gemeente Skylge
Op Skylge krige GrienLinks woansdei mear stimmen as de Partij van de Arbeid. 290 Skylgers makken it hokje fan GrienLinks read, goed foar 14,5%. De PvdA krige 271 stimmen en is no mei 13,6% de fjirde partij op Skylge. De VVD bliuwt de grutste partij mei 20,3%, mar ferlear wol in lytse 6%. It CDA gie in bytsje achterút: fan 16 nei 15,3%.
De PVV gie wat achterút op Skylge: fan 11 nei 9,4%. D66 die it goed en gie fan 4 nei 8,6%. De SP bleau stabyl op 6,2%. FNP en Partij van de Dieren skoarden beide 3% op it eilân.
De skoare fan de oare partijen op Skylge: 50plus 2,7%, ChristenUnie 2%, Friese Koers 1,1%, Libertarische Partij 0,4% en Feriene Lofts 0,1%. It opkomstpersintaazje op Skylge wie dit kear 50,76%. By de wetterskipsferkiezings wie de opkomst mei 48,6% noch wat leger.