VVD/PvdA ferlieze op Flylân, D66 wint

Gemeente Flylân
De VVD bliuwt fierwei de grutste partij op Flylân, mar de liberalen buorkje wol achterút by de Provinsjale Steateferkiezings. De VVD skoart op it eilân no 33,2% fan de stimmen. Yn 2011 wie dat noch 40%. D66 is de grutte winner op it Waadeilân; fan 5 nei 14%. De PvdA ferlear ek: fan 23 nei 12%. It CDA is yn ferhâlding lyts op Flylân, mar giet wol foarút: fan 4 nei 6,5%.
De skoares fan de oare partijen op Flylân: FNP 11 stimmen, PVV 31 stimmen, SP 37, ChristenUnie 4, GrienLinks 7, Friese Koers 2, Partij voor de Dieren 25 stimmen en 50+ 15.
De opkomst op Flylân wie 45,79 % en dat is minder as by de ferkiezings fan 2011.