Wapene oerfal op kafetaria Aldskoat

18 mrt 2015 - 21:08

In kafetaria oan de Archimedeswei yn Aldskoat is woansdeitejûn oerfallen. Der is in ûnbekend jildbedrach meinommen. De plysje is op syk nei de oerfaller. It soe om in licht tinte man gean, mei donkere klean. Hy is ûngefear 1.80 meter lang en mooglik wapene. De plysje hat in Burgernet-oprop ferspraat mei it sinjalemint fan de man.

By de wapene oerfal is nimmen ferwûne rekke.

Trefwurden: 
Aldskoat oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)