Utslach ferkiezings live by Omrop Fryslân

Ferkiezings © ANP XTRA
Om 21:00 oere binne de stimburo's tichtgien en wurde de stimmen teld fan de Provinsjale Steateferkiezings en de Wetterskipsferkiezings. Omrop Fryslân bringt de útslach live op televyzje, radio en ynternet. As earste wurde tradisjoneel de útslaggen de eilannen ferwachte.
Op radio en televyzje hâlde Jan Dirk de Haan en Andries Bakker de útslaggen by en jouwe in taljochting. Op omropfryslan.nl en de apps binne de útslaggen per gemeente te besjen. De útslach fan de Provinsjale Steateferkiezings wurde woansdeitejûn al bekend makke.
De útslach fan de Wetterskipsferkiezings wurde tongersdeitemoarn om 8.00 oere bekend makke troch de dykgraaf by Wetterskip Fryslân. Reaksjes op de útslach binne tongersdeitemoarn te hearren op Omrop Fryslân Radio fan 6.00 oere ôf en op tv yn in ekstra Hjoed om 7.00 oere.