Winners Fryske ferhalewedstriid bekend

18 mrt 2015 - 20:52

Baukje Zijlstra, Janneke de Boer en Harmen Houtman binne de trije priiswinners fan de jierlikse ferhalewedstryd, útskreaun troch It Skriuwersboun, it Friesch Dagblad en Omrop Fryslân. De sjuery: Abe de Vries (dichter en redakteur by it Friesch Dagblad), Bart Kingma (sjoernalist en regisseur by Omrop Fryslân) en Paul van Dijk (ûnderwizer en jeugdboekeskriuwer), ha de trije ferhalen selektearre.

Mei-inoar binne 54 teksten ynstjoerd fan op syn meast 725 wurden.

Nije wike tongersdei, op 26 maart, wurdt de úteinlike winner op Omrop Fryslân bekend makke yn tv-programma Bynt. It bêste ferhaal sil troch Omrop Fryslân ferfilme wurde. De trije bêste ferhalen wurde publisearre yn it Friesch Dagblad.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)