Mear geskikte tunen foar fûgels

18 mrt 2015 - 18:58

De Fûgelhelling yn Oerterp hat learlingen fan it Liudger út Drachten frege om ûntwerpen te meitsjen foar tunen dêr't in soad fûgels op ôf komme. Minsken hawwe hieltyd faker ûnderhâldsfrije tunen dêr't hast gjin fûgels op ôf komme.

De Fûgelhelling wol hjir feroaring ynbringe troch op harren terrein foarbyldtunen oan te lizzen, dêr't in soad fûgels op ôf komme. De fûgelopfang hopet sa besikers te ynspirearjen. De túnûntwerpen wurde op moandei 23 maart troch de learlingen fan it Technasium presintearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)