Soargen oer gefolgen brân Fochtelerfean

It Fochtelerfean wie ien fan de troffen gebieten © ANP
Natuermonuminten is ûngerêst oer de gefolgen fan de brân yn it Fochtelerfean. Dêrby gie freed in grut part fan it briedgebiet fan in pear fûgelsoarten ferlern dy't foar in grut part ôfhinklik binne fan it feangebiet.
Heidestruken fan tweintich oant tritich jier âld binne ferbaarnd. Dy tiid sil it natuergebiet ek nedich hawwe om wer hielendal te wurden sa't it wie. Natuermonuminten tinkt nei oer maatregels dy't dêrby helpe.