Frijspraak yn heger berop foar deaslach op Henk Eker

18 mrt 2015 - 14:11

De beide fertochten fan de deaslach op Henk Eker yn Easterwâlde binne woansdei ek yn heger berop frijsprutsen. Tsjin de manlju wienen foar it gerjochtshôf finzenisstraffen easke fan tsien jier. Dat is twa jier minder as earder by de rjochtbank. De rjochtbank hie de twa fertochten, fan 28 en 33 jier, lykwols frijsprutsen, omdat der net genôch bewiis wie. It gerjochtshôf befestiget dy útspraak no.

Eker waard op 9 jannewaris 2013 delsketten fanwege in mislearre drugsdeal.

Om't beide fertochten yn de saak bekend hawwe dat se besocht hawwe himp te keapjen mei falsk jild, is it duo wol feroardiele ta in finzenisstraf fan acht moannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)