Boeren drok mei opnij ynsiedzjen mûzeskeagreiden

18 mrt 2015 - 12:34

De mûzepleach is op de measte plakken yn Fryslân foarby. Boeren dy troffen binne troch miljoenen mûzen, binne no dwaande it lân wer op oarder te krijen. Dat moat skuord, freesd en gers ynsiedde wurde, sadat oer seis wike meand wurde kin.

It is al wer in skoft ferlyn dat de mûzen yn it nijs wienen. Se makken it lân stikken en jagen de boeren op kosten. Hoe't it mei de finansjele ôfhanneling komt, is noch net bekend. As Brussel tastimming jout, kinne de boeren liene by de provinsje en miskien komt der help fan it regear.

De skea wurdt yn alle gefallen taksearre. Op de measte plakken binne de mûzen sels fuortgien. Guon boeren hawwe fan alles besocht, bygelyks mei wetter, om de mûzen fuort te krijen.

Trefwurden: 
mûs boer mûzeskea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)