Skoalbern plantsje 53 beammen yn Snitser park

Yn Snits binne woansdei op 'e Nasjonale Beamplantdei 53 beammen mei boskjes dêrtusken plante. Trije skoallen leveren de planters dy't de skeppe de grûn yn stutsen yn it Rasterhoffpark oan de súdlike rûnwei. De bern sitte op de Keningin Wilhelminaskoalle, de Master Sperkhemskoalle en de Thomas van Aquinoskoalle. Wethâlder Durk Stoker joech it startsein foar de planterij.
Doel fan Beamplantdei is bern de funksje en de wearde fan beammen yn harren omjouwing sjen te litten. It tema fan de 59e Beamplantdei is 'beammen en wetter'