Bûtenkranen stellen by camping yn Bakkefean

18 mrt 2015 - 09:43

By camping De Wâldsang yn Bakkefean binne ôfrûne nacht 52 bûtenkranen stellen. De dûbele kranen sieten fêst oan houten peallen en binne der ôfhelle. Nei alle gedachten giet it de dieven om de messing dêr't de kranen fan makke binne.

De camping wie noch net iepen. It nije seizoen giet nije wike freed fan start yn Bakkefean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)