Auto rydt boppe-op rotonde by Dronryp

18 mrt 2015 - 08:32

In auto is woansdeitemoarn op de Hearewei by Dronryp rjochtút riden op in rotonde. De auto kaam boppe-op de rotonde fêst te sitten. De bestjoerster, in frou út Frjentsjer, hie troch de ûngelok lêst fan de rêch. Se hat nei alle gedachten troch de mist de rotonde net sjoen.

De frou is nei it ûngelok nei it sikehûs brocht. Se mocht al frij gau wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
ûngelok Dronryp rotonde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)