Fryslân nei de stimbus foar steaten en wetterskip

Fryslân mei woansdei nei de stimbus. Om healwei achten gongen de doarren fan de lokaasjes iepen. Der mei dizze kear twa kear stimd wurde: foar provinsjale steaten en foar it wetterskip. Fjouwer jier lyn brocht goed 58 prosint fan de Friezen harren stim út foar de provinsjale ferkiezings.
De stim hat ek gefolgen foar de lanlike polityk, want yn maaie kieze de leden fan provinsjale steaten ek de leden fan de Earste Keamer. By de lêste kiesdei foar it wetterskip brocht 28 prosint om in stim út.