Harkemase Boys wint fan Drachtster Boys yn beker

17 mrt 2015 - 23:18

Harkemase Boys hat troch de 3-1 winst op Drachtster Boys de lêste acht (kwartfinale) fan de noardlike beker helle. Op sportpark De Bosk wiene de Drachtsters it earste healoere de boppelizzende partij. De foarsprong, goal fan Willem de Jong, wie dan ek fertsjinne. Krekt foar it skoft makke Henny Bouius de 1-1. Yn it begjin fan de twadde helte makke de thúsploech dien wurk. Arton Musliu wie de grutte man mei doelpunten yn de 47e en 51e minút. Dêrnei wie it ferset fan Drachtster Boys brutsen. Tongersdeitejûn wurdt der lotte foar de kwartfinale.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)