Minsken mei beheining yn Ljouwert opnij wis fan helpmiddels
Minsken mei in beheining krije ek de kommende fjouwer jier harren helpmiddels fan de soarchorganisaasje Welzorg. De gemeente Ljouwert hat opnij in kontrakt tekene mei it bedriuw. Welzorg soarget de kommende fjouwer jier foar de levering fan ûnder oaren skootmobyls en trepliften.
Neffens de belutsenen sil der net in protte feroarje, al is it kontrakt wol oanskerpe. Der sil de kommende jierren nammentlik aktyf en skerper let wurde op de kwaliteit dy't Welzorg leveret. Mocht dit net goed wêze, dan kin de wethâlder Welzorg op it matsje roppe.