Grutte gemeenten freegje om deputearre fan ekonomy en wurk

It provinsjehûs yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Der moat yn Fryslân in deputearre fan Ekonomyske Saken en Wurkgelegenheid komme. Dat wolle de gemeenten Hearrenfean, Ljouwert, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân. Se presintearje nije wike in manifest dêr't se yn oproppe om mear te ynvestearjen yn de wurkgelegenheid. Dat is de belangrykste opdracht foar it nije kolleezje fan deputearre steaten, fine de gemeenten en dêrom is dêr in aparte deputearre foar nedich.
De gemeenten wize der op dat yn Fryslân de wurkgelegenheid ferline jier in stik leger lei as lanlik yn trochsneed.