Gemeente Ljouwert skeakelet studinten yn as stimmetellers

17 mrt 2015 - 16:08

Der binne woansdei miskyn wol twa kear safolle stimmen te tellen as oars, no't wetterskipsferkiezings en de provinsjale ferkiezings op deselde dei hâlden wurde. Dat is wol in hiel soad telwurk foar de frijwilligers op de stimburo's. De gemeente Ljouwert skeakelet woansdei dêrom 134 studinten fan de NHL yn om te helpen. Mei in digitale spoedkursus hat de gemeente de studinten taret op it telwurk.

Der wurdt ek fan alles betocht om studinten woansdei stimme te litten. In stik útbringe kostet mar 18,3 tellen oan tiid, is it biedwurd.

In rodeobolle by de skoalle moat soargje foar mear omtinken foar de ferkiezings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)