CDA De Fryske Marren pleitet foar behâld peaskefjoer

Peaskefjoer © Omrop Fryslân
De tradysje fan de peaskefjurren moat bestean bliuwe. Dat seit it CDA yn de gemeente De Fryske Marren. B. en w. wolle fan de peaskefjurren ôf, ûnder oare omdat dy skealik binne foar it miljeu. It CDA fynt it spitich dat it mooglik dien is mei de fjurren. Neffens de partij is it foar in soad minsken tradysje om mei Peaske hout en oare saken te garjen.
It CDA wol witte oft de gemeente der wol goed oer neitocht hat. De partij fynt ek dat de nije regeljouwing net past by it stribjen fan de gemeente nei minder regels.