Plysje komt Harnzer graffityspuiters oer it mad

17 mrt 2015 - 13:52

De plysje hat moandei yn Harns twa jonges betrape op it spuitsjen fan graffity. De 18-jierrige jonges wienen dwaande mei it spuitsjen fan har herkenningstekens op in betonnen muorre by de Keningsbrêge.

De twa binne foar ferhoar meinaam nei it plysjeburo. De spuitbussen binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)