Keatsfroulju wolle tredde priis net kwyt

It keatsseizoen moat noch begjinne, mar no is der alwer wat opskuor. It haadbestjoer fan it keatsbûn wol ôf fan de tredde priis by it frouljuskeatsen yn de haadklasse en yn de earste klasse. By in dielname fan acht partoeren wurdt dan allinne om priis en preemje keatst, krekt as by de manlju. De froulju binne it dêr net mei iens. Se sille mei in amendemint komme op de algemiene keatsgearkomste fan 2 april.
Dêrfoar ha se de stipe nedich fan yn elts gefal fjouwer ferienings.