Toer Bonifatiustsjerke Dokkum moat renovearre wurde
De toer fan de Bonifatiustsjerke yn Dokkum moat renovearre wurde. Dat moat 180.000 euro kostje. De parochy hat in grut part fan it jild al by inoar. Der is noch in gat fan 50.000 euro. Dat gat moat mei mienskipsstipe (crowdfunding) fan de ynwenners fan Dokkum opbrocht wurde.
De tsjerke begjint ynkoarten mei dy ynsammelaksje.