Fyfde Slachtemaraton op 4 juny 2016

De fyfde edysje fan de Slachtemaraton is op 4 juny 2016. De organisaasje ferwachtet dat sa'n 15.000 kuierders en hurdrinners meidwaan sille oan de tocht oer de âlde Slachtedyk. De rûte rint fan de seedyk by Easterbierrum nei Raerd. Dirk Bruinsma fan Haren is de artistyk lieder foar de Slachte 2016. Hy is bekend fan it Grutte Pierprojekt yn Kimswert en wurket foar de PeerGroup.
De kaartferkeap begjint op 8 jannewaris 2016. De freonen fan de maraton kinne fan 2 jannewaris ôf kaarten bestelle.