Saak-Sviatoslav tiisdei foar de rjochter

Rjochtbank Ljouwert © ANP
De direkteur fan de stifting Sviatoslav moat tiisdeitemiddei op 'e nij foar de rjochter yn Ljouwert ferskine. Ferline jier gie de saak net troch omdat de ynwenner út Skearnegoutum net op de sitting kaam. Hy wurdt fertocht fan in poging ta ferlieding en 'grooming' fan in 13-jierrich famke út Tadzjikistan.
Stifting Sviatoslav helpt kânsearme bern yn Ruslân en Tadzjikistan. It is de fraach oft de fertochte tiisdei wol nei de rjochtbank komt. Syn advokaat woe dêr tiisdeitemoarn neat oer sizze.