Ekodoarp moat op syk nei nij plak

Striehûs
De striehuzen fan stichting De Imme moatte op syk nei in nij plak. It ekodoarp mei meardere huzen fan strie en seeklaai soe yn earste ynstânsje op it Frisia-terrein yn Grou komme, mar yn oerlis mei de gemeente en omwenners is no besletten om dat net te dwaan.
Dat betsjut neffens de stifting lykwols net dat Grou no folslein fan de baan is as takomstich plak foar de ekohuzen. Der sil sjoen wurde wêr't wol plak is foar it ekodoarp. De Imme is yntusken úteinset mei de bou fan it earste hûs.