Feest by de nije boekebeam fan Stania State

Stania State © Steatsboskbehear
Yn it park Stania State yn Oentsjerk wurdt no woansdei de komst fan in nije boekebeam fierd. Dy ferfangt de monumintale reade boekebeam dy't begjin jannewaris fuorthelle is, omdat er siik wie. Hy hie der hast twahûndert jier stien.
De nije beam is der ferline wike delset. Skoalbern komme woansdei om it feestje mei te fieren, omdat it dan ek nasjonale beamfeestdei is.