Hurdrider hat ek noch 7000 euro oan boetes iepen te stean

16 mrt 2015 - 12:43

In 21-jierrige automobilist is snein yn Nij Beets oanhâlden om't de man noch foar 7000 euro oan boetes betelje moast. Plysjes setten de man út de gemeente De Fryske Marren oan de kant om't er hiel hurd by harren delried. It die bliken dat de man noch in grut bedrach oan boetes iepen te stean hie.

Syn rydbewiis is ynnaam. De man bliuwt fêstsitten oant er syn boete betelle hat.

Trefwurden: 
Nij Beets boete hurdrider
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)