Frysk damjen kin wrâldsport wurde mei Fryslân Open

© Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
Frysk damjen soe in wrâldtinksport wurde kinne. Dat hopet alteast de organisaasje fan it Frysk damjen-evenemint Fryslân Open. Dat toernoai fynt nije wike plak yn Frjentsjer. Wrâldkampioen Alexander Georgiev en oare âld-kampioenen dogge der ek oan mei.
By gewoan damjen mei der inkeld skean slein wurde, mar by Frysk damjen mei ek rjochtút en oerdwers slein wurde.