Foppe en Syb iepenje 'Wike fan de soarch'

16 mrt 2015 - 11:10

Foppe de Haan en Syb van der Ploeg hawwe moandei yn Drachten en Harns it startskot jûn foar de 'Wike fan de soarch'. Foppe gie del by túnsintrum Passiflora fan Talant yn Drachten. Hy hie learlingen fan groep acht fan 'e pleatslike basisskoalle 't Foarhûs meinaam.

By Passiflora wurkje 24 kliïnten mei in beheining. Foppe en de skoallebern krigen te sjen en te hearren wat se dêr allegearre dogge. Doel fan de wike is om it belang fan de soarch yn it algemien en it wurk fan de meiwurkers yn de soarch yn it bysûnder mear bekendheid te jaan.

Trefwurden: 
Wike fan de Soarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)