"Miljoene-ynvestearrings smite pas oer jierren banen op"

16 mrt 2015 - 10:37

It kin noch wol jierren duorje foardat de 250 miljoen dy't de lêste jierren yn de Fryske ekonomy stutsen is, fertuten docht. Dat jild moat in soad banen opsmite, mar oant no ta is de wurkleazens allinich mar oprûn. Dochs is it gjin weismiten jild, seit foarsitter Gerard Kremer fan MKB-Noard.

It duorret noch wol efkes foar't de ynvestearrings banen opsmite. Undernimmers moatte oars wurkje, bygelyks troch mear gear te wurkjen en faker kennissintra yn te setten. Neffens Kremer bart op it mêd fan wetter- en ynternetbedriuwen in soad moais.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)