Frysk prate yn sikehûs UMCG yn Grins

Sikehus UMCG yn Grins ropt pasjinten en besikers op om safolle mooglik Frysk, Grinslânnersk en Drintsk te praten. Personielsleden krije buttons op dêr't de taal op stiet dy't se ferstean. Meiwurkers wurde ek útnoege om in gedicht yn it Frysk, Grinslânnersk, Drintsk of Nederlanners te skriuwen en yn te stjoeren foar de wedstriid UMCG-dichter 2015.
It is de wike fan de 'Streektaal yn de soarch' om minsken yn de sikehuzen en sa mear op harren gemak te stellen. De Afûk leit Fryske berneboeken del yn it Beatrixsikehûs fan it UMCG.